De Krite Jongerein 1985

de jongerein van de krite yn 1985

Op 23 febrewaris 1985 wie it safier: de jongerein fan Klompmakker stiet op de planken by de Ridder. De wurkwize op wei nei dizze toanieljûn wie helder. Yn lytse groepkes waarden temas by de kop pakt en útspyle. Wie it de muoite wurdich, dan kaam it yn de map. De map siet no knap fol en soe soargje foar in moaie foarstelling. In fyfjintal koarte sketsen en lieten wie de rispinge fan in winterskoft alle freedtejûnen nei de iepenbiere skoalle en wurkje ûnder lieding fan Roel Klompmakker. Dizze earste ploech jongerein fan It Kritetoaniel bestie út: Maaike van der Bij, Marijke en Nynke Klompmaker, Lourens en Henk de Zee, Ybo de Haan, Marjan Schippers, Andrea van der Kuip, Jellie van Dijk, Paul Bergsma, Dieuwerke de Boer, Marleen van Veenen, Gosse Adema en Sieger de Vries. Op de foto in byld út de foarstelling mei fan links nei rjochts: Jellie van Dijk, Sieger de Vries, Henk de Zee, Paul Bergsma en Dieuwerke de Boer.