De Fryske Krite 1990 - 'Toe ju...'

de krite 1990 toe ju

Yn it winterskoft 1989/1990 spile it kritetoaniel it stik “Toe ju, doch ris wat” fan de ferneamde Amerikaanske toanielskriuwer Neil Simon yn in Fryske oersetting fan Anne Tuinman (û.o. ûnderwizer yn Twizel en Oerterp en de heit fan Peter Tuinman.) It stik stie yn de Amerikaanske fersy (“Com, blow your horn”) jierrenlang yn de spotlights op Broadway. De Bûtenposter 'crew' bestie út Lourens de Zee (Alan Baker), Iteke Roosma (Peggy Evans), Andre de Zee (Buddy Baker), Joeke Dorhout (heit Baker), Sjoukje Wiersma (mem Baker), Jelly van Dijk (Conny Dayton) en Aly Haytink (muoike Gussy). De regy wie yn hannen fan Claudia de Vries, Lokke Postma die de omballingen, Stien Groenbroek rêde mei de grime en it dekor wie fan Gerryt Roosma, Lieuwe Paauw en Bennie Boorsma. Lûd en Ljocht: Tom van Waarden en Gerryt Roosma.
Op de foto: efter: Sjoukje Wiersma, Lourens de Zee, Jelly van Dyk, Joeke Dorhout en Iteke Roosma.
Foar: Lokke Postma, Claudia de Vries, Aly Haytink, Andre de Zee en Stien Groenbroek.