De Fryske Krite 1980 - 'Lekker Koese'

de Fryske Krite 1980 yn fette lapen

Yn maart 1980 waard it stik ‘Lekker Koese’ oer it fuotljocht brocht. Skreaun troch Dimitri Frenkel Frank en yn it Frysk oerset troch Bienze Westra, in Fryske premjêre. It ferhaal fan Otto, Freark, Tet en Ankeline waard oer it fuotljocht brocht troch Kees Folkertsma, Joeke Dorhout, Gryt Pel en Nieske Pol. It waard in grut súkses. Net allinnich thús optreden, mar fanwege de premjêre en it goeie spyljen fansels mocht De Krite yn april 1980 mar leafst trije kear spylje op de slútjûnen fan It Bûn Fryske Toanielselskippen, no it STAF neamd. Dat wie noch mar it begjin. Itselde jier waarden de ‘bytsjes en fette lapen’ út it stik noch 15 kear opwaarme.