de Fryske Krite Oer en Tefolle 1977

Fryske Krite Oer en Tefolle 1977

Op 25 en 26 novimber 1977 spile it Kritetoaniel it stik 'Oer en tefolle'. Skreaun troch Arnold Holsby en yn it Frysk oerset troch Bienze Westra. It stik hie in dikke besetting; mar leafst 9 spilers, 6 froulju en 3 manlju, stienen op it toaniel. Dit toaniel stie lywols net yn Bûtenpost, mar wie by Hollema yn Surhústerfean. Op 7 febrewaris 1976 lei in fûle brân Seal Klamer fan de famylje Leune plat en moasten de spilers fan it Kritetoaniel in skoftsje harren keunsten bûten it doarp oer it fuotljocht bringe. Op de foto sjogge jo 4 fan de 6 froulju. Fan lofts nei rjochts Sjoukje Wiersma, Dukke Roosma, Anneke Paauw en Nieske Pol.