De Fryske Krite 1971 - 'Edwina Black Siliger'

de krite 1971 edwina black siliger

Op sneontejûn 13 maart 1971 spile it kritetoaniel it stik 'Edwina Black Siliger'. It stik, in skriller, is skreaun troch William Dinner en William Morum. De Fryske oersetting is fan Piter Terpstra. In koarte ynhâld: Gregory Black syn frou is krekt ferstoarn. De húshâldster Ellen (Jitske Dijkstra) wie har tige tagedien, folle mear as de selskipsdame fan mefrou, Lisa. Lisa (Gryt Pel) hat mear omtinken foar menear Black (Jan de Zee). Op in winterjûn yn 1895, wylst mefrou Black noch boppe de ierde stiet, komt detektive Henry Martin (Bienze Westra) lâns om 't der wol ris wat net ynoarder wêze koe mei de krekte deadsoarsaak fan mefrou. Ellen, de húshâldster, hat de eagen ek net yn 'e bûse en wit fansels fan de ferhâlding fan menear Black en Lisa. En wylst de ferstoarne mefrou noch boppe leit, sil der útsocht wurde wat de wiere oarsaak is fan har dea en wa't de skuldige is oan de dea fan mefrou Black. De beskuldigingen geane oer en wer. De ferhâldingen wurde hyltyd skerper en de taskôger wurdt ek tige meisleept yn de ferwikkelingen. In echt-Ingelske skriller, tige spannend, mei in ferrassend ein.
Op de foto: Jitske Bouma, Wietske Nutma (ynstekster), Bienze Westra, Gryt Pel, Pyt vd Zee (regy), Jan de Zee en (steand) Jaap Visser (grime)