De Krite 1967 In Ynspekteur skillet oan

1967 In Ynspekteur skillet oan

Yn febrewaris 1967 spile It Kritetoaniel: 'In ynspekteur skillet oan'. It stik, 'An inspector calls', fan de Ingelske skriuwer John Priestley (1945) wie yn 1958 oerset troch Klaas Dykstra. Op de foto sjogge wy fjouwer froulju yn it skoft fan de foarstelling, efkes in peukje foar de stres. Fan lofts nei rjochts: Jouk Wielinga-van der Meulen, Griet Hoeksma-Koopmans, de ynstekster, Dukke Roosma-van der Jas en Nieske Pol-van der Leij. De regy wie fan Pyt van der Zee. It smyrnakleed en de steande skimerlampe jouwe fansels in prachtich tiidsbeeld. De drank op de tafel is lykwols fan alle tiden...