Krite spile 'Simmertwirre' in 1949

de Fryske Krite 1949 Simmertwirre

Op woansdei 2 maart 1949 spile Krite Bûtenpost foar leden én op peaskemoandei 17 april foar jongfolk en trouden it stik Simmertwirre, in stik yn trije bedriuwen fan H. Cats. Dit allegearre by Bolling om healwei achten. Leden fan de Krite ha frije tagong mei ien hûsgenoate, net-leden betelje ƒ 0,75. Nei ôfrin efkes fan’e flier, muzyk fan de Pultrums. Spilers: A. de Wal, E. Pol, E v.d. Meer, A. de Boer, A. v.d. Witte, D. v.d. Jas, E. Jansma, L. Riemersma en A. v.d. Leij.