de Fryske Krite It Heft yn Hannen 1976

krite 1976 it heft yn hannen

Yn novimber 1976 waard it stik “It heft yn hannen” oer it fuotljocht brocht. In prachtige foarstelling mei twa slûchslimme bruorren en harren suster dy’t de broek goed oan hie. Spilers wienen Foppe de Vries, Joeke Dorhout, Nyske Pol, Coby de Vries, Doreen Kolthof, Leffert van der Meer en Hendrik Aardema. Op 2 augustus 1978 waard it stik as iepenlofspul opfierd, dit yn it ramt fan it 25-jierrich bestean fan it Concours Hippique. Jierren letter, febrewaris 2008, waard dit stik fan Bienze Westra op’e nij spile. Yn The Point wienen it Harrie Tiemens, Dictus Benedictus, Sjoukje Wiersma, Anneke Nieuwenhuis, Frouke Wiersma, Jan Willem Bouma en Foppe de Vries dy’t, doe lyk as 30 jier earder, in soad súkses hienen. Op de foto fan links ôf: Leffert van der Meer, Doreen Kolthof, Joeke Dorhout en Foppe de Vries.