Nei in wykein fol spanning en soarch, ús mem hie fan freedtejûn oant moandeitemoarn wurk fan myn komst hân, ferwolkomme dokter Koning my om fiif foar healwei tsienen op 22 septimber 1947 mei de wurden: "Tjonge, alweer zo’n dikkop…" Wêr’t dat ‘alweer’ op sloech wit ik no noch net. Wol wit ik dat ús heit en mem, Pieter Willem Postma en Marie Postma-Kok, wakker wiis mei my wienen. Us heit it meast noch, want wat wolle jo as ‘jonge’ heit fan 52 jier, as der noch in stamhâlder fan rom 9 pûn yn jo libben ferskynt.

winkel van P.W. Postma

De winkel van P.W. Postma rond 1940

Lit ik my earst mar efkes neier foarstelle oan ‘e lêzers fan ‘e Bûtenpostmer doarpskrante: ik bin Wijbe Klaas Postma, berne oan ‘e Rijkstraatweg 64 (no: Voorstraat 37) as soan fan de manufakturier dy ’t advertearre mei: ‘Wat je koopt bij P.W.P. gaat jaren mee’ en dat giet foar my dus al 64 jier op. Mei myn suster Marijke en broer Willem ha ik in grut part fan myn jonge jierren yn Bûtenpost trochbrocht. Offisjeel binne Marijke en Willem myn healsuster en –broer en hja ha de achternamme Ter Vrugte. Dat is om’t hja bern binne út it earste houlik fan ús mem, mar harren heit is yn ‘e oarloch omkaam yn in Dútsk konsintraasjekamp. Mem Marie is doe as widdo nei Bûtenpost kaam en troude yn 1946 mei Pieter Willem en út dat houlik kaam lytse Wijbe. Dêroer ha ik faak it sechje fan ús heit heard: “Alde rammen, bêste lammen”.

Doe’t ik noch mar in lyts baaske wie, hat Marijke in soad op my passe moatten om‘t heit en mem it drok hienen mei de winkel en alles wat dêrmei gearhong: bestellingen bylâns bringe, gerdinen naaie, flierbedekking lizze. By dy oppasserij ha ’k har in kear wakker yn ferlegenheid brocht troch krekt ear’t ik yn ‘e tobbe moast fuort te rinnen en yn ‘e bleate kont de Skoalstrjitte yn te draven. Se hat my wer te pakken krige en dat ha’k witten: myn biltsjes ferhegen de temperatuer fan it tobbewetter behoarlik…

de familie Postma

De familie Postma rond 1950, met v.l.n.r.: Marijke, moeder M. Postma, Wijbe, Willem en vader/winkelier P.W. Postma.

Mei ús buorlju, de famyljes Bolling (Hotel De Roskam) en Jorritsma (bakkerij) hienen wy goed kontakt en ik kaam geregeld by har oer de flier. In loopke troch de bakkerij fan Jorritsma smiet altiten wol wat lekkers op en by de Bollings wie ek altiten wol wat te rêden. Mei Johan, dy’t neffens my yn ien fan ‘e eardere útjeften fan dizze doarpskrante syn ferhaal dien hat, ha ik in hiel soad oplutsen en wy ha noch altiten kontakt. Syn ‘tante Dity’ hat destiids myn beukerjuffer west yn ‘e Tsjerkestrjitte.

Nei de beukertiid gie ik nei de Iepenbiere Legere Skoalle dêr’t meester Kim haad fan wie. Ik bin noch fan ‘e generaasje dy’t yn april al nei skoalle mocht en ik kaam by juf Fennema yn ‘e earste klasse telâne. Neist myn buorjonge en freontsje Johan wit ik noch dat Douwe Joustra, Pieter Zuidema, Nanning de Jong, Jouke Brander, Jelle Koers, Bram Schievink, Joke v/d Witte, Antje de Wal, Anneke Zuidema (gjin suske fan Pieter), Jannie Poelstra, Nelly de Winter, Griet Oppedijk en Clarie Douma by my yn ’t lokaal sieten. Der ha grif mear west, mar dy nammen wolle my no net yn ’t sin komme. Myn hiele legere skoalletiid wie ik faak op ‘e pleats by Douwe Joustra te boartsjen. Wat in prachtige oeren ha ik dêr trochbrocht! Ik fûn it geweldich by Douwe-en-dy op ’t hiem, de telle, de stâl en de greiden. Dat makke by ús heit en mem de opmerking los oft ik dêr leaver wie as thús… Ik kaam doe, njoggen jier wie ik, op it idee dat Joustra my mar keapje moast. “No”, sei ús heit doe, “dat moat mar wêze, jong. Mar… asto ús dan yn ‘e buorren tsjinkomst dan silste al ‘dach Postma en frou Postma’ sizze moatte”. Dat griisde my oan en dus gie de keap oer

Nanning de Jong, soan fan winkelman Hotze de Jong út ‘e Tsjerkestrjitte, bin ik noch altiten tankber dat er my behoede hat foar it smoken: yn it magazyn hie Nanning in doaske ôfkarde sigaren fûn en dêr moasten wy, keardels fan alve jier, marris ien fan opstekke… Ik ha noch nea sa strontsiik west en oanstriid om sigaretten, sigaren of pipen op te stekken ha ik nea wer hân.

Om ’t ús heit him doetiids nochal ynsette foar de fuotbalferiening is de basis foar myn sportive dwaan en litten – neist it lidmaatskip fan gymnastykklup M.A.A.S. – lein op it sportfjild oan ‘e Parklaan. As ‘welp’ mocht ik by de jongsten (10-jierrigen) begjinne en ha oant de A-junioaren hiel wat wedstriden spile. Der is troch ús heit ek noch besocht om my de basisprinsipes fan ’t keatsen by te bringen, mar dat foel as sied op rotsige grûn. Mem brocht wat tsjinwicht tsjin al dat lichaamlike gedoch troch my, as juffer fan ‘e sneinsskoalle, mei spirituelere saken yn oanrekking te bringen. Dat barde yn in keamer fan ‘e pastorij en soms ek yn ‘e konsistaorje dêrneist. Dy pastorijkeamer hie in grutte opberchkast en dy ha ik, om’t ik net altiten die wat ús mem woe dat ik die, geregeldwei fan binnen besjoen. Sadwaande ha ik in grut part fan it Evangeelje troch it smelle skreefke tusken de kastdoarren taskikt krige.

Nei de legere skoalle, ik herinnerje my noch osa goed de skoalmasters Jonker, Rispens en Jan Alberda, reizge ik fjouwer jier lang op ‘e fyts nei de iepenbiere Kollumer mulo. Ik hie op ‘e ein fan ‘e legere skoalle al yn ‘e holle om skoalmaster te wurden en de mulo-perioade hat dat idee net feroare. Yn it lêste healjier, it eksamenjier, ferkocht ús heit de winkel en kocht in hûs yn Wergea. Ik ha doe in fearnsjier yn ‘e kost west by myn omke Harm en tante Els Robroch-Kok yn Ingwierrum: moandeitemoarns betiid fan Wergea op ‘e fyts nei Kollum, lessen folgje en nei skoaltiid op ‘e fyts nei Ingwierrum. Freeds de omkearde folchoarder. Dy tochten ha gjin neidielige ynfloed hân op myn learderij, want yn juny 1964 helle ik myn mulo-diploma. Yn dat jier bin dus ek Bûtenpostmer-ôf wurden.

Fan Wergea út gie ik nei de Rijkskweekschool (foar ús ‘De Kweek’ en letter waard dat de Pabo) yn Ljouwert. Yn it twadde stúdzjejier trof in Swaan Vondeling, dat klikte en nei’t ik yn 1969 slagge wie, binne wy yn desimber fan dat jier troud. Doe ha ik in jier lang op in, foar myn gefoel, frij nutteleaze wize besocht yn ’s konings rok‘ de Russen op te kearen. Gelokkich koe ik begjin 1971 as skoalmaster oan ‘e slach yn ‘e tredde klasse fan de iepenbiere Prof. Kohnstammskoalle yn Harns. Yn myn Harnzer tiid ha ik twa ûnderwiisakten helle: Frysk en Lichamelijke Oefening. Fan beide ha ik in soad wille hân en no noch. Yn Harns waard yn 1973 ús dochter Hester berne. It famke hat fiif jier lang ús libben ferrike mar ferstoar yn 1978 yn it Akademysk Sikehûs yn Grins oan it net te oerwinnen sykte. Swaan en ik ha doe in minne rite trochmeitsje moatten. Ek yn Harns kaam yn 1976 ús âldste soan Rimer op ‘e wrâld. Hy hat net sa lang as echte Tobbedûnser ûnder de oare Harnzers ferkeard, want yn 1977 waard ik beneamd ta boppemaster yn Eastermar en dus … werom nei de Wâlden yn it skoalhûs njonken de Iepenbiere Legere Skoalle oan ‘e Grutte Hoarnstwei. Sawol skoalhûs as skoalle wienen wakker karakteristyk: in grut hiem (freedtemiddeis nei skoaltiid meane…), twa mânske kastanjebeammen op ’t plein en hege lokalen. De legere skoalle waard basisskoalle en krige de namme ‘De Bolster’. Yn 1980 krige Rimer in broerke, Josse. Ik ha beide jonges by my op skoalle hân en ek as learlingen yn ‘e groep. Ik ha net it gefoel dat hja dêrûnder te lijen hân ha…

Wybe Postma Tusken1977 en 1995 wienen der frijwat wikselingen yn de beneaming fan myn funksje: fan boppemaster waard ik direkteur, doe skoallieder en dêrnei lokaasjelieder. De ‘winst’ dêrfan wie dat der mear papierwurk en fergaderingen kamen, mar it eigentlike skoalmasterswurk kaam op ‘e tocht te stean en dan benammen it kontakt mei de bern. Ik ha dêrom yn 1995 de oerstap makke nei de iepenbiere basisskoalle ’t Partoer yn Burgum en waard dêr wer ‘gewoan’ skoalmaster.

Yn Harns wie ik al lid wurden fan ‘e FNP en yn Tytsjerksteradiel bin ik no sûnt 1998 polityk aktyf. Is it net bysûnder dat ik no, yn ’t ramt fan ‘e gearwurking tusken ús beide gemeenten, sa no en dan in gearkomste ha yn Bûtenpost en dat ik dan sit te wiispraten op in plak dêr’t ik as jonkje yn ‘e spoargrêft siet te fiskjen op mûdhûn? Dêrom ek de titel fan myn bydrage: East – West, yn ‘e Wâlden is ’t it bêst!