sikke oostenbrug Bêste Bûtenposters, Sûnt 14 novimber 2011 wenje ik yn De Stationsstjitte 23 yn Bûtenpost. Ik ha wolwat mei Bûtenpost, myn pake en beppe a hjir jierren wenne yn de Skoallestjritte, neffens my op nûmer 18. Sûnt 1973 wennen ek myn heit en mem hjir, yn it selde húsje wer’t ik no wenje. Heit is op 1 augustus 2000 stoarn en mem hat hjir oan’t maaie 2011 wenne. No wenje ik dêr.

Myn âlden:
heit en mem trouden op 17 maaie yn 1944. De reden wie dat heit syn beppe Antje Hamstra stoarn wie. Doe kaam it hûs yn ‘De Skoallestrjitte’ yn Bûtenpost frij en setten pake en beppe harren dêr te wenjen. Dêrom binne heit en mem yn de oarloch troud. De brulloft wie op Skûlenboarch yn it kafee fan Hendrik Jager (kafee N.S.B.). Sûnder drank fansels om ’t heit fan ‘De Blaue Knoop’ wie.

Heit

Heit wie in hiele rêstige evenredige man dy’t net gau oanbaarnd wie. In man dy’t hiel sterk wie en in protte oan sport die as dien hie. Kuorbalje, fuotbalje, gimmestyk, hurdfytse en reedride(fjouwer kear de Alvestêdentocht, yn 1940, 1941, 1942 en 1947). Yn 1942 wie heit 154-ste. Hy hie mar trije krúskes,(yn 1947 hat heit it net helle, hy kaam te let oan). Neist dy hobby’s wie hy oan it skilderjen, tekenjen en houtfykjen.

houtsnijwerk van Piet Oostenbrug Yn de oarloch krige hy skilder-en tekenles fan Joop Kloek dy’t yn it hûs fan Simke Kloosterman wenne mei syn frou en dochter(Aleida Victoria), mar ik neamde har Lideke. Krekt nei de oarloch krige hy noch in pear lessen fan Dijkstra yn Grins. dêr reizge hy hinne mei û. o. Klaas Koopmans, Harm v.d.Bij, Jaap Rusticus en Sjoerd Huizinga. Dizze minsken hiene letter de skildersrjochting’Yn ‘e line ‘. Nei de oarloch kaam heit yn oanrekking mei dr Asien Bohmers dy’t in protte ferstân hie fan âld Fryske motiven. Dizze man kaam wol by master Kim en sa kaam er yn ’e kunde mei pake en beppe Bûtenpost. Heit hie in tabakspot foar pake makke mei in hynder der op. Dit koe neffens Bohmers net om ’t in hynder in eal bist wie. Sa waard doe de houtfikersklub ‘De Ikelbeam ‘oprjochte. Dêr wiene somtiden wol tsien houtfikers by ús yn ’e hûs, dy’t it houtfykjen fan heit learden. Mannen as: ome Oene, ome Hendrik, Ale Radema, Pyt Attema, Sjoerd Venema, Piet Kuipers en Luitzen Kloostra. Sy makken teestoafkes, houten bakjes, ûndersetters, naaidoazen en oar guod mei âlde Fryske motiven der op (foto rechts: houtsnijwerk van Piet Oostenbrug). Doe’t yn ûngefear 1951 de boel knapte om’t Bohmers de boel besoademitere hie, foel dit út elkoar. Heit koft it hout en betelle de mannen en Bohmers ferkoft it guod en barde ek it jild. Op in snein by it ôfrekkenjen kaam mem der efter dat de boekhâlding net kloppe. Heit hie it yn dy tiid ek drok op ’e pleats. Letter hat er noch houtsnijles jûn oan in groepke skoalmasters û.o. Tjerk de Jager. Hy makke noch wolris wat mar net folle mear ûnder oare bernemeubels. Foar ús makke hy in buorkerij om mei te boartsjen en wy learden fan him figuerseagjen.

Earst nei 1973, doe’t hy ophâlden wie mei buorkjen pakte hy syn hobby wer op. Skilderje die hy net mear mar wol houtfykje. Meast tafrielen men soe sizze kinne: ‘Skilderje yn hout’.

Mem

Wie folle hastiger as heit en rap mei de mûle. Sy mocht har graach mei alles bemuoie. Mem die sneins faak de boekhâlding foar heit om’t hja folle hurder koe. Mem soarge foar it iten en die de húshâlding en sei tsjin de fammen wat sy dwaan moasten. Mem die foar in great part de opfieding, heit wie allinne iterstiid thús en jûns hie hy meastentiids syn nocht. As er dan werris wat mei ús wie sei mem :”Pyt siz der ris wat fan”. Wie heit syn antwurd faak fan efter de krante : ”Jonges rêstich”.

Mem soarge foar de kofje en ûntfong de minsken dy’t by ús kamen. Sa as, feekeaplju: Marten Dijkstra (Marten Ulkes), letter Ale de Wal út Bûtenpost en de keallekeapman Auke Posthumus, de man fan de foarljochtingstsjinst Oebele v.d.Meer fan Koatstertille, jirpelkeaplju, de meunsternimmer en de ynseminator (blikkene bolle). Yn dy tiid wie der in oerienkomst tusken ferskate boeren dy’t meiinoar in spesjale ynkûlmethoade hiene, de Hardeland methoade. As dit by ús barde soarge mem foar kofje, tee en boltsjes. As der wat op skoalle wie gie mem der faak hinne om mei master as juffer te praten. Sneins krigen wy gauris kofje út de kraantsjepot mei swarte klûntsjes en slachrjemme.

Mem hie in kammeraat yn it earst in stok, letter hie sy de izeren flesseskraber. Hjir mei krigen wy op’e hûd as wy wat ferkeards dien hiene. De stok kaam wol gauris yn de kachel dêrom hie sy letter in izeren flesseskraber.

Mem makke meastal sels ús klean. Heit naam dan freeds lapkes stof mei út Ljouwert en dêr makke mem ús klean dan fan. Heit moast meastal it patroan op it stof lizze om ’t hy dit better koe as mem.

Prei krigen wy nea om ’t mem dat net lêste. *Jan en ik hiene in hekel oan macaroni mei skinke en tsiis ; doe’t wy dit wer ris krigen (sawol heit en Titus wienen dêr net). Wy sieten mei lange tosken nei ús itenspanne te sjen. Lokkich gie de bel en moast mem nei de doar, de lange gongdel. Jan ik setten de panne ûnder de tafel. Dêr lei Robbie en dy iet it lekker op. Doe’t mem wer yn ‘e koken kaam hiene wy in skjinne panne foar ús, wy hiene it op! Mem sei:”Moai jonges en nou noch wat brij”. Dit kaam lykwols yn de selde panne mar wy ha it opiten. Fierder iten wy meastal út eigen grientetún.

Eltse jûn lies mem ús foar. Sy lies foar yn it Frysk. Somtiden wie it in Nederlânsk boek, mar ek dat lies mem foar yn it Frysk. Eltse wike út ‘De Donald Duck’ en ek wol út ‘In de Soete Suikerbol ‘.

Doe’t tante Anneke yn 1950 wer út Amearika kaam naam sy in hêgedrukpanne(wûnderpanne) foar mem mei. Mem koe lykwols gjin Ingelsk en sy koe de gebrûksoanwizing net lêze. Doe’t sy der in kear spinaazje yn hie en de panne begûn te fluitsjen; draaide mem de fluit derút. Dit waard in ramp de spinaazje siet oeral, sels oan de souder.

Hin as hazze?

Doe’t ik op in kear út skoalle kaam frege ik: “Wat ite wy?” Heit sei:”Hin”.Ik frege hokker hin dea wie. Doe sei heit: ”Sa’n brúne hin”. Doe wie it my wol goed. Gerrit de Graaf fan de buorlju iet ek by ús. Jan frege om in poat en Titus en Gerrit ek. Sy krigen ek allegearre in poat. Doe frege ik: ”Hoefolle poaten hat dy hin?” Heit sei:”Dat is in wjuk fansels”. Doe wie myn sin gerêst. Doe’t ik it hast op hie(ik krige altiten in stikje boarstfleis) sei Jan:”It wie hazze”. Doe ha it fierder net opiten want dat hoegde ik net. Ik bin lilk by de tafel weirûn.

Pake Sikke

Pake Sikke kaam hast alle dagen del. Hy hie oan ‘t 1949 noch hieltiten de pleats dêrnei waard heit sels baas. Pake naam alle dagen in mingel molke mei yn in blikken ammerke. Pake koe moai fertelle mar hy liigde ek wolris. Wy koene net leauwe dat pake yn de earste wrâldkriich, hy wie by de grenadiers yn Den Haach en sy moasten ûnder oare op de keninginne passe. Doe hat er ris yn de ûnderbroek foar keninginne Wilhelmina stien, fertelde hy. It wie in man mei in protte humor wer ‘t wy gauris útfanhûs wiene yn Bûtenpost yn ‘De Skoallestrjitte’. As ik dêr wie mocht ik gauris mei pake op de fyts fuort. As ik dan frege:”Wer geane wy hinne pake”. Wie’t andert :”Nei in freondinne”. Wy giene dan nei Bauke Postma yn Egypte as nei Tjerk en Anne de Vries yn Feankleaster, ek gie ik mei pake en beppe nei de Wâlddyk, efter Aldwâld nei pake syn jongste broer ome Johannes en tante Anne as nei ‘De Poelpleats’ tusken Kollum en Bûtenpost yn ‘It Paradyske’. Dêr wenne pake syn oare broer ome Pyt en tante Aafke. Ek wol nei Kollum nei pake syn net troude suster tante Janke.

Beppe Tytsje

Beppe Tytsje wie in krêftiche frou mar der mocht net in soad. Gauris wie it dan: ”Dat heart sa net”. Mei âld en nij krigen wy altiten in kroaderad, in sulveren ryksdaalder. Beppe koe goed naaie en hânwurkje. Yn it earstoan makke sy wol gauris klean foar ús. Mem hat in protte fan har leard. Doe’t ik twa wie ha ik in kear mei pake, beppe en tante Anneke te kampearen west nij it Amelân. Dit mei kunde fan pake en beppe, de famylje Drenth. Ek giene wy wol mei beppe en tante Anneke nei tante Frouk, dit wie in skoansuster fan beppe. Hja wenne yn Delfsyl by har dochter Tite yn.

Tante Anneke

Tante Anneke wie heit, syn ienige en net troude suster. Sy wenne by pake en beppe yn en gie yn 1949 nei Amerika op besite by de bruorren fan beppe Tytsje, Rintsje en Evert Hamstra. Doe ’t sy yn 1950 werom kaam, gie sy nei Amsterdam ; wer’t sy wurke by ‘Humanitas’. Earst wenne sy oan ‘It Meerhuizenplein’ en dêr giene wy wol hinne útfanhûs. As wy dêr wiene boarten wy mei de bruorren Smolders, Fred, Hans en Arthur. Letter wenne sy mei har freondinne tante Miep yn ‘De van Mourik Broekmanstraat’. Tante Miep wie haad fan in oantal beukerskoallen. Sy hie yn it begjin in scooter en letter kaam dêr in ‘Lelijke Eend ‘. Wy krigen wol gauris wat fan har, meast boeken. Ek krigen wy postsegels.

Nei tsjerke

Iens yn de moanne krige mem it yn de holle om nei tsjerke op ‘De Tille’. Dêr hiene wy meastal net folle nocht oan. As ik der allinne hinne gie, krige ik twa dûbeltsjes en in stoer mei en in roltsje pipermunt. De sinten rekken nea op, want ik die wol in pipermuntsje yn de pong. Ek diene wy der wolris ponsmuntsjes yn, dy’t wy by de skoalmeubelfabriek ‘De Marko’ fine koenen. Dan diene wy in hânfol fan dy ponsmuntsjes yn de pong. De pong waard dan hiel swier en dan hie Fokke(de koster) it smoar yn. Ek moasten wy sneins ferplichte nei de sneinsskoalle. Neffens my yn 'It Gebou'. Dit stie op de hoeke fan de Alddyk en de behearders wiene Fokke en Freerkje de Jong, Fokke wie ek koster fan de tsjerke. Dat wie net sa slim; want dêr wie in liedster dy’t hiel moai fertelle koe Antsje Dijkstra-de Vries. Somtiden moast ien fan de sneinsskoalle bern neitiid nei tsjerke om te pûstertraapjen. Doe’t ik in kear oan bar wie; tocht ik: "Hjir ha’k gjin nocht oan". Ik hâlde op fan pûstertraapjen, midden yn it earste gesang. De oargenist flokke lûd en dat klonk hiel moai troch de tsjerke. Ik hoechde nea wer te pûstertraapjen. Mei de krystdagen wie it lykwols wol aardich. Dan krigen wy manderijntsjes en sûkelarjemolke. Antsje Dijkstra- de Vries lies dan it krystferhaal foar. Doe't Titus foar de earste kear mei wie en hy ek fan alle lekkers krige; die hy doe't wy der út giene in greep yn de skaal, wer’t wy jild yn dwaan koene. Master Stienstra stie by de doar...

De dûmny

De dûmny wie dûmny A. J. Hendriks. Doe't dumny in kear in de simmer, in gleske bier dronk by kafee Veldman en in journalist him frêge: "Smakket it wat?". Doe sei dumny: "It smakket bêst". De oare dei stie yn in krante:

"De dûmny fan Koatstertille,
hie sa'n ûnbiedige wille.
Hy rôp op it lêst,
it bier is wer bêst.
En doe koene syn fuotten him net mear tille.

Dêrnei ha de minsken dumny fuort pest.

Kninen

Doe’t ik âlve jier wie krige ik trije wite Vlaamske Reuzen. Dy hie heit koft by Thomas de Jong yn Moarrewâld. It wiene trije moaie wyfkes. De oare maitiids mei dizze bisten nei de raam fan klompmakker Roorda yn Bûtenpost. Dit wie neffens heit en hiele bêste raam, want dy hie op de tintoanstelling yn Bûtenpost U helle. Ik hie kninekisten makke fan âlde sinesappelbakjes... Ik hie se sels noch ferve, grien, by myn witten. Ik hie ien kninekiste op’e fyts en heit twa Heit die it wurd, en it koe wol. Mar doe frêge ik wat it kostje moast, wie it andert fan Roorda: ”Fiif gûne per dekking”. Ik die myn knyn gau wer yn de kiste, want ik hie mar in kwartsje bûsjild yn de wike. Doe’t heit sei:”Ik betelje it wol”. Doe gie it troch fansels. Dêr kamen jongen: Ien mei âlve jongen en ien mei sân. Fan dy âlve kaam net folle telânne, om’t in murd in protte jongen op iet. De tredde krige allinne deade jongen. De maitiids dêrnei kaam der in raam fan Bouke Postma en der kamen in protte jongen. Ik waard lid fan de ferieniging ‘Achtkarspelen ‘yn Bûtenpost. Harm Hofstede kaam om de kninen te nûmerjen en dy hjerstmis nei de jongebiste keuring by Klamer yn Bûtenpost. Alle trije kninen krigen in streep, om ’t se smoarge fuotsoallen hiene. Ik hie fyftich kninen yn it bargehok, mar de wyk’s dêr op hie ik net ien mear. Doe’t Auke Posthumus by ús kaam om keallen, sei ik dat er alle kninen meinimme moast om se te ferkeapjen. Ik barde in protte jild en fielde my ryk. Mar doe sei heit: ”Ho, de helte is foar my”. Heit meande eltse dei in kuorfolgêrs en ik fuorre keallebrokjes. Ik hie ien sek kninebrokjes, mar dy rekke nea leech.

Sikke Oostenbrug tijdens een keuring

Sikke Oostenbrug tijdens een keuring

Hinnen

Nei myn knine avontûr begûn ik mei rashinnen. Ik helle briedaaien by Pyt Buma yn Droegeham, aaien fan wytweiten Grinzer Miuwen en liende in briedmasjine fan ome Willem. Ik krige dêr pykjes út en dy hjerstmis gie ik mei de hinnen nei de tentoanstelling yn Bûtenpost. Dit wie ek wer by Jan Klamer en waard organisearre troch 'De Aeikoer'. De bisten waarden wosken mei help fan Sytse Jager, in neef fan mem, mei Sunlight sjippe en dêrnei waarden de kaam en de poaten yn de faseline set. Ik hie de moaiste Nederlânsk Ras, útsein de Fryske. In hoanne hie in ZZG. Ik woun in wikselbeker en in luks foarwerp. Dit lêste wie in Tomado flesserek fan yzer.

Sikke Oostenbrug stuurde dit artikel begin 2012 naar De Binnenste Buiten. Hij overleed op 13 mei 2014 in Buitenpost.